Pleats ôfbaarnd yn Bitgum

26 nov 2001 - 00:00

In leechsteande pleats yn Bitgum is fan it wykein folslein ôfbaarnd. It gebou soe ôfbrutsen wurde. De gemeente Menameradiel hie krekt in fergunning ôfjûn foar in nij kantoar en in wenhûs, ûngefear op it plak fan de pleats.

De plysje giet der fan út dat it fjoer oanstutsen is. By de brân is asbest frijkommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)