Rút ynslaan: slachiersblieding

26 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In agressive ynwenner fan De Jouwer (32) is dit wykein mei in slachiersblieding nei it sikehûs ta rekke. Hy rekke ferwûne by it ynslaan fan in rút. De plysje ferliende earste help oant de sike-auto der wie.

De man hie eefkes earder twa buorlju slein. Sy hawwe oanjefte dien fan mishanneling.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)