Satelliten ynspektearje diken
Satelliten hâlde de diken om de Iselmar hinne yn 'e gaten. It Wetterskip Fryslân hat meidien oan in projekt fan de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA. Neffens bestjoerder Harry Boon heakket ynspeksje fia satelliten wol deeglik wat ta oan de reguliere mjittings.
Ut de romte wei binne lytse ôfwikings oan diken better te sjen. Der is neffens Boon gjin twifel oer de stabiliteit fan de diken yn Fryslân.