Berne-iepenloftspul 'Lucky Luke'

© Omrop Fryslân
Takom jier sille bern út de groepen 7 en 8 fan basisskoallen yn Littenseradiel it iepenloftspul 'Lucky Luke' opfiere. It stik giet oer de ferneamde stripheld út de boeken fan tekener Morris.
It stik giet op 8 juny 2002 yn premjêre en sil dêrnei noch fiif kear spile wurde. It is skreaun troch Sjoerd Bottema fan Weidum. It ferhaal spilet him ôf yn it prairydoarpke East Hill.