Parsepriis foar Roel Cazemier

25 nov 2001 - 00:00

Boargemaster Cazemier fan Dongeradiel krige sneon de Parsepriis 2001 útrikt op it Parsebal yn Theater Romein yn Ljouwert. Hy fertsjinne de priis foar syn ynset by de tongblierkrisis. Foarsitter Bosma fan de Fryske Feriening foar Sjoernalisten oerlange de priis.

Nei it offisjele diel fersoarge waarman Pyt Paulusma de 'sinneskyndisko'. De jûn waard goed besocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)