Parkearboetes yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Foutparkearders yn de binnenstêd fan Ljouwert wurde hurd oanpakt. De ôfrûne trije wiken binne der 1100 bekeurings fan 90 gûne útdield. Der wurdt no sels al praat oer strangere maatregels, sa as bygelyks it pleatsen fan tsjilklammen.
Op stapjûnen wurdt yn de binnenstêd oeral parkeard. Yn gefal fan brân kin it foarkomme dat helpferlieners der net by kinne omdat de auto's yn 'e wei stean.