Keukenbrân yn Akkrum

24 nov 2001 - 00:00

Der hat freed brân west yn de keuken fan in wente oan de Folkert Kuiperstrjitte yn Akkrum. De 60-jierrige bewenster wie oan it itensieden doe't de telefoan gie. Even letter folge in klap en it die bliken dat de keuken yn 'e brân stie.

De plysje hat de brân útmakke mei in brânblusser. De frou en har 76-jierrige man binne fanwege reekynhalaasje oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)