Lunchkafee yn Achmea-toer
Der komt in lunchkafee yn de nije Achmea-toer yn Ljouwert. De doarren moatte febrewaris takom jier iepene wurde.
It kafee wol him rjochtsje op personiel dat yn de toer wurket, mar ek op publyk fan bûten. Der komt in eigen yngong foar it lunchkafee en it kafee wurdt opset nei Amerikaansk foarbyld.