CDA besoarge oer regionale omrop

24 nov 2001 - 00:00

De twadde keamer-fraksje fan it CDA makket him grutte soargen oer de takomst fan de regionale omroppen. Neffens CDAkeamerlid Atsma moat der gau ekstra jild komme, oars ûntsteane der problemen.

De regionale omroppen ha flinke besunigings oankundige. By Omrop Fryslân moat bygelyks 4 ton besparre wurde, sa hat direkteur Gaanderse freed sein. It CDA fynt dat it ryk byspringe moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)