Fiif gadingmakkers akwadukten

© Omrop Fryslân
Der binne noch fiif bedriuwen dy't yn 'e beneaming komme om oar jier fiif akwadukten te bouwen. De akwadukten binne part fan it Marreplan. Se moatte komme by Snits (twa) en yn de súdwesthoeke.
Yn it ramt fan it Marreplan moatte fyftich brêgen ferhege wurde. Boppedat wol de provinsje fiifhûndert kilometer farwei ferdjipje en santjin krusingen oanpakke.