CDA-kandidatelist sûnder Eringa
Frou Eringa komt net op de kandidatelist fan it CDA foar de riedsferkiezings fan de gemeente Ljouwert. Se wie troch ien fan de leden foardroegen, mar woe sels net. De CDA-list wurdt oanfierd troch steatelid Foka Haitsma fan Goutum. Sy is ek kandidaat foar it wethâlderskip.
Frou Eringa kaam yn it nijs om't sy wegere in homohoulik te sluten. Ljouwert hat har doe ûntslein.