Hegere grûnprizen Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen ferheget de prizen fan boukavels. Dat is neffens it kolleezje nedich om't de oanlis fan bouterreinen hieltyd djoerder wurdt. De gemeente ferheget ek de prizen fan de grûn op de yndustryterreinen.
Yn de trije grutte doarpen Bûtenpost, Harkema en Surhústerfean kostet in kavel no hast 200 gûne de fjouwerkante meter. Dat wie 185 gûne.