Omrop wol mear jild

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân rekket yn de finansjele problemen as de oerheid net mei ekstra jild oer de brêge komt. Dat hat Omropdirekteur Gaanderse tongersdei sein op in gearkomste fan CDA-jongerein.
Neffens Gaanderse is de Omrop al oan it besunigjen, mar rinne de produksjekosten omheech. De begrutting foar takom jier is slutend makke troch te besunigjen op de radio-ôfdieling en personielsbelied.