Poiesz berikt 'magyske grins'

22 nov 2001 - 00:00

De Fryske supermerkketen Poiesz hat dit jier 20 persint mear omset. De 300 miljoen gûne betsjut foar it bedriuw in 'magyske grins'. Poiesz hat 34 winkels, benammen yn Fryslân, mar ek yn Grinslân, Drinte en Flevolân.

Kommersjeel direkteur Cees Poiesz hat wol in ferklearring foar de groei. It komt troch ferbreding fan it assortimint. Sa hawwe se no mear suvel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)