Sintrum is finansjele strop

© Omrop Fryslân
Miljoenen kin it de gemeente Boalsert kostje: de finansjele problemen by kennissintrum Pehlemann. In jier lyn is dat sintrum begûn yn gearwurking mei it Marnekolleezje mei it jaan fan opliedingen oan wurkleazen en it fersoargjen fan kursussen oan it bedriuwslibben.
De gemeente stuts miljoenen yn it projekt. Mooglik krije fjouwer wurknimmers dien. Der wurdt praat oer in oplossing.