Nije wike debat oer ried

© Omrop Fryslân
Der wie woansdeitejûn gjin polityk debat yn de Ljouwerter ried oer it opstappen fan Hermien de Haan. De koalysjepartijen woenen earst ynhâldik prate oer it Monsma rapport, dêr't wethâlder De Haan oer stroffele is.
It debat stiet foar kommende woansdei pland. In dei letter kin yn in ekstra gearkomste praat wurde oer konsekwinsjes foar de oerbleaune wethâlders.