Twibaksmerk is te saai

© Omrop Fryslân
De Twibaksmerk moat in libbener strjitte wurde. It Frysk Museum en it provinsjehûs nimme it grutste part fan de strjitte yn. Dêrtroch is it der bûten kantoartiden rêstich. Dat moat oars fine museum en bestjoerders.
Mei de gemeente wurdt oan in plan wurke om in bettere útstrieling te realisearjen. Der wurdt tocht oan in polityk kafee yn it provinsjehûs.