Kaartferkeap Stjerrejûn falt ôf

© Omrop Fryslân
Foar de Fryske Stjerrejûn is minder belangstelling as tocht wie. Fan de fjouwer plande jûnen is al ien, de lêste op 2 desimber, ferfallen. Dat is besluten nei't de kaartferkeap ôffoel.
Tal fan Fryske artysten trede yn Thialf op, wêrûnder De Kast, Agnes Sambrink en Rients Gratama. Twarres komt inkeld 1 desimber del. De oare jûnen koe it duo net fanwegen oare ferplichtings.