Redústers ferniele auto
Fjouwer ynwenners fan Reduzum yn de leeftyd fan 17 oant 20 jier binne tiisdeitenacht oanholden om't se in auto fernielden fan in 24-jierrige Kollumer.
De Kollumer ried nei Snits, doe't de fjouwer jonges dy't yn in oare auto sieten, allegear meneuvels nei him makken. Yn Reduzum stoppen se en begûnen de Kollumer auto te fernielen.