Azc'ers oan it wurk yn sikehûs?

© Omrop Fryslân
Sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum sil ûndersykje oft it mooglik is dat asylsikers oan it wurk gean yn it sikehûs en yn de ferpleechhûzen. De mooglikheid foar asylsikers om te wurkjen is it ôfrûne jier ferromme.
Se meie no 12 wiken yn it jier oan it wurk. Yn de azc's sitte in protte minsken mei in medyske oplieding. It sil benammen gean om ienfâldige putsjes.