Jeugd by gemeentebelied belûke
Jongeren út Tytsjerksteradiel ha ûndersocht hoe't dy groep by gemeentebelied belutsen wurde kin. Yn seis gemeenten yn Nederlân hat in saneamd Jongeren Inspectie Team ditselde ûndersyk dien.
Dat barde yn opdracht fan steatssekretaris Vliegenthart. De útkomsten wurde nije wike presintearre oan it kolleezje fan de gemeente Tytsjerksteradiel.