Ald-rêdingsboat bliuwt op Skier

20 nov 2001 - 00:00

De âld-rêdingsboat Willem Horsman mei nei alle gedachten lizzen bliuwe op Skiermûntseach. De boat leit yn in bunker, dy't spesjaal dêrfoar ferboud is.

Troch de ferbouwing is de bunker wat grutter útfallen en neffens it bestimmingsplan mei dat net. Om problemen foar te kommen, is der no in nije bouoanfraach yntsjinne, mei dêryn de krekte maten fan de bunker.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)