Provinsje hat bêste thússide

20 nov 2001 - 00:00

De thússide fan de provinsje Fryslân is ta bêste webside útroppen troch it ministearje fan Ynlânske Saken. De provinsje lit de gemeente Eindhoven en it ministearje fan Finânsjes achter him.

De provinsjeside is oersichtlik en de ynformaasje oer bestjoerlike saken en tsjinstferliening binne goed. De direkte ynbring fan publyk kin better. De side is okkerdeis folslein fernijd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)