PAL/GrienLinks: De Haan ôftrede

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter partij PAL/GrienLinks wol dat wethâlder De Haan fan finânsjes ôftreedt. De Haan leit ûnder fjoer troch in rapport oer de Ljouwerter ôfdieling belestingen.
Neffens PAL/GrienLinks moat De Haan no einlings har feranwurdlikheid ris nimme. Treedt se net ôf, dan soe de partij oerwaagje wolle har eigen wethâlder, Hafkamp, werom te lûken.