Wâldwei lang ôfsletten

19 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Wâldwei hat moandei hast de hiele dei ôfsletten west foar ferkear. Yn de moarntiid wie in frachtwein fan de dyk rekke. De wei koe pas wer frijjûn wurde doe't de lading, griente, út de wein helle wie.

De dyk hat oant de jûnsspits ôfsletten west. Dat soarge benammen yn Wergea foar in soad slûpferkear en bykommende argewaaasje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)