Nije studiorûmte sike-omrop NWF

© Omrop Fryslân
De Omropstifting Noardwest Fryslân hat nije studiorûmte fûn op lokaasje Saxenoord yn Frjentsjer. De omrop makket programma's foar fersoargingshûzen Martenahiem yn Tsjom, Saxenoord yn Frjentsjer en Nij Bethanie yn Tsjummearum.
Moandeitemoarn is op Saxenoord it nijs offisjeel bekendmakke. It Nasjonaal Fûns Aldereinhelp dielde dêrby in cheque út oan de sike-omrop.