Skoalfersûm komt soad foar

© Omrop Fryslân
It komt hieltyd faker foar dat jonge bern fanwege problemen net of te let op skoalle komme. Dat docht bliken út it jierferslach fan de gemeente Smellingerlân oer de learplicht yn de gemeente.
De learplichtamtners neame de ûntwikkeling 'soarchlik'. De gemeente wol no mear omtinken jaan oan skoalfersûm op de basisskoallen. Sa moat foarkommen wurde dat bern fan skoalle gean sûnder diploma