Diskusje feiligens Drachten
De gemeente Smellingerlân wol dizze moanne noch in diskusje fiere mei in tal ynwenners fan Drachten oer de feiligens yn har buert. It giet om de wiken De Drait, De Trisken, Himsterhout, Morra en De Singels.
Doel is om it feiligensplan regio west op te stellen. Sa'n plan beskriuwt bygelyks ûnfeilige sitewaasjes yn de wyk. De plysje wurket hjir ek oan mei.