Hearrenfean wint fan Sparta
Hearrenfean hat freedtejûn mei 3-0 fan Sparta wûn. Yn it Abe Lenstra-stadion trape Syme Zijm fan Sparta yn de 31e minút de bal yn eigen goal. Krekt foar de rêst kopte Allbâck de 2-0 binnen en yn de twadde helte brocht Romano Denneboom de einstân op 3-0. Hearrenfean stiet op it stuit twadde yn de earedivyzje, mei 24 punten út 13 wedstriden.