Lintsje foar Sake Saakstra

17 nov 2001 - 00:00

Sake Saakstra is freed beneamd ta ridder yn de Orde van Oranje Nassau. Hy krige de ûnderskieding foar syn fertsjinsten yn de keatssport.

Saakstra stie tsien kear yn de finale fan de PC. Hy wûn seis kear, wêrfan fiif kear efter inoar ('79-'82). Sûnt er ophold as keatser is er aktyf as bestjoerder, nasjonaal en ynternasjonaal. No is er foarsitter fan it nasjonale keatsbûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)