'LC skriuwt te min Frysk'

16 nov 2001 - 00:00

De Ljouwerter Krante skriuwt fierstemin yn it Frysk. Dat sei skriuwer en plysjewurdfierder Peter Boomsma freed op de Kneppelfreed-betinking. De krante is neffens Boomsma folle minder Frysk as de lêzers: wylst mear as 25% fan 'e famylje-advertinsjes yn it Frysk is, skriuwt de krante sels mar 2% Frysk.

Boomsma fynt dat de krante maklik twa kear safolle yn it Frysk skriuwe kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)