Gemeentehûs stik djoerder

© Omrop Fryslân
It nije gemeentehûs fan Dongeradiel wurdt folle djoerder as ferwachte. De nijbou en ferbou fan it gemeentehûs, yn Dokkum, kostet gjin tweintich, mar fiifentweintich miljoen gûne.
Nei alle gedachten sil it nije ûnderkommen foar de twahûndert amtners yn 2003 klear wêze. Oan de Koningsstrjitte en de Bargemerk komt in nij kompleks, it âlde stedhûs wurdt oanpast.