Flot fan kotter oanspield

16 nov 2001 - 00:00

De kustwacht hat tongersdei by Den Oever in rêdingsflot fûn fan de fermiste kotter Victoria. De kustwacht giet der fan út dat it skip, dat al hast twa wike spoarleas is, sonken is.

Skipper Smit wie in betûft seeman, lykas de oare trije bemanningsleden. Om't de Victoria in deeglik skip is, wurdt tocht dat it in oanfarring hân hat op de drokke rûte dêr't it op farde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)