Skipsbouwer hâldt op
Nowee Shipyard út Heech hâldt op mei de bou en ferkeap fan skippen. Dêrtroch sille sa'n fyftjin minsken har baan ferlieze.
De direksje moat de maatregel nimme om't de ferkeap fan skippen ôffalt. Neffens Nowee pleatse partikulieren hast gjin oarders mear. Nowee wol fierder gean as charterbedriuw, mei wurk foar in man as trije.