Twadde printinge skûtsjeboek

16 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It boek 'Met geveegde kont' fan Klaas Jansma ferskynde freed yn de twadde printinge. It giet om in útwreide, ynbûne ferzje fan de earste edysje, dy't frijwol útferkocht is.

It boek giet oer de ûntjouwing fan it skûtsje as typysk Frysk skipstype. Skriuwer Klaas Jansma docht al sûnt 1973 ferslach fan it skûtsjesilen. It boek kostet 25 euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)