Twa deadlike ûngefallen

16 nov 2001 - 00:00

In 17-jierrige jonge út Greonterp is tongersdei om it libben kaam by in ûngemak yn Wolsum. Hy waard oanriden troch in autobestjoerder, dy't ferbline waard troch de leechsteande sinne.

Op de provinsjale dyk by Wehe den Hoorn yn Grinslân is freed in 42-jierrige ynwenner fan Damwâld omkommen. De man waard oanriden doe't er nei it tanken de dyk oerstuts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)