Takomst hospice ûnwis

16 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It hospice yn Snits moat mooglik slute as der gjin strukturele stipe komt. It stjêrhûs foar súdwest-Fryslân waard in jier lyn iepene foar minsken dy't terminaal siik binne.

De minister fan folkssûnens hat finansjele stipe tasein, mar dy is der noch hieltyd net. It kontrakt foar de stipe fan soarchfersekerder De Friesland rint ein desimber ôf.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)