Waterbuurt tsjin sloop

16 nov 2001 - 00:00

Bewenners fan de Waterbuurt op it Fean protestearje tsjin de sloop fan wentes yn de wyk. Foar 84 fan de 349 wentes wol de gemeente nije huzen delsette. Dat wurde djoere wentes dy't de bewenners neffens harsels net betelje kinne. Ut in enkête docht bliken dat twatredde fan de bewenners it net iens is mei de plannen.

De Waterbuurt is in wyk mei in soad ienâldergesinnen en allinnichsteanden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)