'Gemeente Ljouwert rint achter'

15 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Ljouwert rint achter mei de aktualisearing fan bestimmingsplannen. De mienskiplike ynspeksjes fan it ministearje fan VROM hawwe ferline jier de gemeente trochljochte op de útfiering fan de VROM-regeljouwing.

Wethâlder Waanders fan Rûmtlike Oardening en Folkshúsfesting seit dat de gemeente al ekstra minsken ynhierd hat om de achterstannen fuort te wurkjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)