Hulzebosch wint Essent-maraton
Erik Hulzebosch hat woansdei de maraton yn it Thialf-stadion op It Hearrenfean wûn. De wedstriid waard ferriden yn it ramt fan de Essent Cup. Miel Rozendaal waard twadde en Frans de Ronde tredde.
Hulzebosch lei 100 rûntsjes ôf yn in rekordtiid: 51 minuten en 20 sekonden. Fan de Friezen waard Ruud Borst fyfde, Bert Jan van der Veen sechsde. Jeroen de Vries einige op in alfde plak.