Lankhorst nimt ferkeap Ekon oer
Lankhorst Recycling yn Snits nimt de aktiviteiten fan Ekon yn Born oer. Lankhorst makket ûnder oaren peallen fan lânbouplastik, bierkratten en plastik bekers. Ekon yn Born makket fan deselde grûnstoffen keunststof platen foar wâlbeskoeiïngs. Lankhorst Recycling is yn 'e eigen sektor it grutste bedriuw fan Nederlân, mei 150 wurknimmers.