Stil asfalt yn Smellingerlân
De gemeente Smellingerlân sil in nij soart asfalt brûke. It giet om it saneamde ZSA, tige stil asfalt. Dit moat de lûdsoerlêst mei mear as de helte werom bringe.
It nije asfalt wurdt takom jier oanlein oan de Suder- en de Noarderhegewei yn Drachten. Fanwege it positive effekt op it miljeu kin de gemeente ekstra subsydzje fan it ryk krije.