Wetterskip sil stroom oanbiede

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân sil de enerzjyhannel yn. Op de wettersuveringsynstallaasjes yn Drachten, Frjentsjer en Ljouwert wurdt yn totaal 3,2 miljoen kWh griene stroom opwekt.
Oant no ta brûkte de organisaasje de stroom sels. It wetterskip kin 2 oant 2,5 ton per jier fertsjinje as de stroom ferkocht wurdt. De winst sil brûkt wurde foar ferbettering fan de wettersuvering.