DNA moardner ûndersocht
De 60-jierrige man út Harkstede dy't bekend hat trije prostituees fermoarde te hawwen, hat ek as moardner fan Marianne Vaatstra yn byld west.
Ferline jier hat justysje yn Ljouwert de man frege om mei te wurkjen oan in DNA-ûndersyk. Nei de DNA-test dêr't er frijwillich oan meiwurke, die bliken dat de Harksteder Marianne net ombrocht hie.