Skylge mooglik foar de rjochter

© Omrop Fryslân
De gemeente Skylge moat mooglik foar de Rie fan Steate komme. Yn de proseduere om it nije gemeentehûs hinne soe in grutte fout makke wêze, neffens de Stichting ons Schellingerland.
De gemeente soe besluten ha oer nijbou, sûnder de bewenners mei prate te litten. As de boargers gjin ynspraak krije, ûndernimt de stichting aksje. Se wolle sloop fan it âlde gemeentehûs keare.