Wethâlder Bijlsma yn opspraak

© Omrop Fryslân
De posysje fan wethâlder Bijlsma fan Boarnsterhim stiet ûnder druk. De FNPwethâlder krijt tiisdeitejûn in moasje fan ôfkarring oan de broek fan it CDA.
It CDA is net te sprekken oer Bijlsma's belied oer de biblioteek. Dy moat yn april ferhúzje nei nijbou, mar hat noch gjin jild krigen. Bijlsma wie al earder yn de bôlekoer oer de steande mêstrûte en de nijbou fan de skoalmienskip.