Frysk erkende taal op Aruba

© Omrop Fryslân
It regear fan Aruba freget fan nije eilânbewenners dat se 'ien fan 'e fjouwer talen fan it Keninkryk' goed behearskje. Dy talen binne Nederlânsk, Papiamento, Ingelsk en...Frysk.
De op de Drachtster PABO oplate Arubaanske skoalbegelieder Henk Smit is hjir tige wiis mei. Hy fiert by de oanfraach foar syn wurkfergunning oan dat hy it Frysk goed yn 'e macht hat.