Takomst molkfeehâlder liket goed

13 nov 2001 - 00:00

De takomst fan de molkfeehâlderij sjocht der goed út. Dat sei foarsitter Aalberts fan Suvelkoöperaasje Friesland Coberco Dairy Foods moandeitejûn op in gearkomste foar molkfeehâlders op 'e Jouwer.

De fraach nei molkprodukten sil op lange termyn groeie, omdat de wrâldbefolking tanimt. Neffens Aalberts binne der ek bedrigings, sa as it loslitten fan minimumprizen yn it Europeesk lânboubelied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)