Banen skipsbou yn gefaar

12 nov 2001 - 00:00

De banen fan hûnderten wurknimmers yn de noardlike skipsbou komme yn gefaar. Dat seit Kortenhorst fan de Nederlânske skipsbou-yndustry.

Oant koartlyn koene partikulieren ynvestearje yn in nij skip. Dat is lykwols net mear mooglik en dat skeelt de sektor in soad jild. Neffens Kortenhorst soe de oerheid gau mei in nije finansieringsregeling komme moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)