Oerfal op snackbar Hearrenfean

11 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In snackbar oan de Nieuwstraat op It Hearrenfean is sneontejûn oerfallen. Twa mannen twongen in 21-jierrige meiwurkster ûnder bedriging fan in mes it jild ôf te jaan. De oerfallers binne doe fuortdraafd yn de rjochting fan it postkantoar.

De plysje freget tsjûgen har te melden. De mannen binne tusken de 20 en 25 jier en frij lang.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)